Simmerjûn yn Desimber

Simmerjûn yn Desimber

Ôfrûne simmer, op 11 juny, wurken it Nationaal Openbaar Vervoermuseum te Ouwsterhaule en kabaretier Folkert Wesseling op de kop of fiif jier tegearre.
It NOV museum mei de fasiliteiten en de bussen, en Folkert op de teatrale manier.
Sa binne d'r hiel wat foarstellingen út it museum rôle, mei as hichtepunt in jubileumtour fan "BUSterbaarlik".
Dizze foarstelling waard fiif kear útskreun om dizze moaie gearwurking te fieren mei it publyk.

Fansels is dat in goede motivaasje om fierder te wurkjen, en moaie dingen te meitsjen.
En dêrom komme it NOV museum en Folkert Wesseling mei in gloednij programma foar rûnom de krystdagen.
In arrangement fol ferrassingen en dat him ôf spylje sil yn trije bussen fan it NOV museum.
Dat allegear op harren eigen terrein, wat ek krekt opknapt en moai makke is.
En dat biedt in moaie kâns op dizze lokaasje in foarstelling te meitsjen:

Folkert Wesseling en it Nationaal Openbaar Vervoer museum te Ouwsterhaule presentearje foar jo:
"In waarme simmerjûn yn Desimber"
....dêr wolle jo dochs hinne?

Dizze foarstelling nimt jo mei, yn in húslike en smûke sfear.
En sit fol mei lytse ferrassingen, musyk, en kabaret.
Wy riede ús ta op de krystdagen, heech tiid om mei elkoar d'r op út te gean, bygelyks ûnder it genot fan in bakje poeiermolke.
Dat allegear yn trije nostalgyske bussen dy't op in bysûndere wize tsjinje as podia.
Op dizze jûnen kin it meskien kâld en izich wêze, mar at jo sjogge en hearre wat d'r allegear yn de bus stapt....liket it wol simmer.
“In waarme Simmerjûn yn Desimber” is foar jo makke om te genietsjen, en lekker ûnderút te hingjen. Mei ûnder oaren muzyk fan Adri de Boer. Opus3 in grut koar út Dokkum: , kabaret fan Folkert Wesseling en folle mear! Wy hoopje jimme te sjen en te moetsjen.

Kaarten bestelle kin fia tillefoannûmer 0513-795068
As in mail stjoere nei info@novmuseum.nl
De kaarten binne 15 euro it stik, d'r sitte ek twa konsumsjes by yn. (Ek om waarm te bliuwen)
De foarstellingen binne op 9, 10, 11, 15 en 16 Desimber en begjinne om 20.00 oere.

<< Ga terug naar de vorige pagina

Published on  February 17th, 2017